VVD Ljouwert komt (fanselssprekkend) mei Frysktalich ferkiezingsprogramma
De VVD Ljouwert lansearret har ferkiezingsprogramma yn it Frysk! Dit op de Dei fan de Memmetaal, de dei dy’t yn it ramt stiet fan de taal dytst meikrigen hast fan jim mem. Dat fielt foar ús as fanselssprekkend; de gemeente Ljouwert is mear as allinnich de stêd, en mear as allinnich it Nederlânsk. It Frysk spilet ek in grutte rol yn ús gemeente, en sa ek yn ús partij.
Hjoed (21-02-2022) is it ynternasjonale Dei fan de memmetaal! Meartaligens is in grutte rykdom en dat is wichtich om by stil te stean. Net allinich hjoed, mar it hiele jier troch. Yn de gemeente Ljouwert prate we njonken it Nederlânsk ek Frysk en Liwwadders. De Fryske taal is in fanselssprekkend ûnderdiel fan ús kultuur. Dy meartalichheid heart by ús, en kom ta útering yn bygelyks ús rol as City of Literature. It is by meartaligens ek net allinich mar de kulturele rykdom dy’t telt: út tal fan ûndersiken docht dúdlik bliken dat meartalige bern oer it generaal in soad profyt hawwe fan har meartaligheid. En dat foardiel moatte we koesterje. Troch (streek-)talen aktyf te brûken hâlde wy de talen yn stân. Wy binne grutsk op ús talen! Dêrom komt de VVD Ljouwert op de Dei fan de memmetaal mei in Frysk ferkiezingsprogramma.
It folsleine Fryske ferkiezingsprogramma fan de VVD Ljouwert is hjir te lêzen.